DIT IS N!X

Om grutsk te wêzen op dyn omjouwing is it goed om mear te witten fan it begjin. Oars wit je fan NIX. Want do tinkst miskien hjir is dochs N!X foar bern yn 't lân, mar N!X is minder wier!

Dêrom is de beleeftoer NIX ûntstien.

Op in noflike wize kinne bern fan alles dwaan en leare. 

Earst in eintsje rinne as fytse en dan sitst middenyn it lân, wat je oars net sa gau dwaan soene. (en net: soene dwaan;-)

It begjint hjir al mei de Penjumer halsbân, wat in bysûnder stikje skiednis.

 

Om trots te zijn op je omgeving is het goed om te weten van het ontstaan. Anders weet je van N!X. Want je denkt misschien hier in het boerenland is N!X voor kinderen, maar N!X is minder waar. Hier begint het bij de zeedijk uit het jaar 1000! 

We vertellen er alles over in de beleeftoren NIX.

Lytse Pier fan N!X fertelt dy alles oer de skiednis mar ek oer no. 

En oer N!X.

Do moatst mar ris nei NIX ta fytse, it is dêr harststikke leuk!

 

Dit is Lytse Pier fan NIX

Hjir ûnder alle ynstânsjes en meiwurkers dy't N!X mooglik makke ha.

Goudenlân is in stifting fan fiif doarpen rûnom de Slinke: de Mjernje, Marneslenk (see-earm).

Mei har âldste seedykje fan Nederlân dat noch bestiet!

Doarpen: Surch, Wytmarsum, Penjum, Arum en Kimswert.

Frijwilligers makken plannen, ûntwerpen, soargen foar subsydzjes, in entûsjaste timmerman, helpers, website, materialen en leuke aktiviteiten.

Wat in moaie gearwurking!

Vanuit de stichting Goudenland met de vijf dorpen: Zurich, Witmarsum, Arum, Pingjum en Kimswerd is prachtig samengewerkt voor de realitsatie van NIX.

Vroeger kwam de zee hier binnen en het oude zeedijkje ligt hier nog steeds. Dat is al bijzonder maar voor kinderen is hier zoveel meer te beleven, ook al denk je hier is ...NIX.

 

Do bist wolkom! Welkom!

Do bist wolkom hear en do learst de Fryske taal dêr ek! Dat is hartstikke leuk!

Kinst der sjonge, gek dwaan, stil wêze, prate, wat leare en der oer fertelle oan elkoar, en dêrom is it leuk dat pake&beppe as heit&mem ek mei gean. 

Kinst ien kilometer rinne oer it seedykje as komst op dyn fiets der nei ta, mei moai waar is it dêr hearlik yn de wyn, lekker puer! 

Jij bent altijd welkom om te genieten en te leren hier bij NIX.

Monumint

Dit giet oer de skiednis en ús gemeentlik monumint.

Yn it jier 1000 (it is no 2024) is troch muontsen (monniken) út it kleaster in seedyk makke, om mear droege grûn te meitsjen. Want it wie in slinke fan de see mei har eb en floed. It doarp Penjum is yn 1100 ynpoldere mei dit seedykje. Sa koene bewenners inoar oer lân berikke. En letter krigen boeren mear grûn foar kij en gewaaks, dus iten.

It is sa bysûnder dat dy dyk noch bestiet! 

'De Penjumer halsbân'

Letter kamen de hege seedyken fan hjoed-de-dei.

Oan de foet fan it gemeentlik monumint; 'de Penjumer gouden halsbân' hawwe wy in útsichttoer ûntwikkele. Foaral foar bern mar ek o sa nijsgjirrig foar âlden. Hearlik bewege yn it boerelân en yn alle rêst fan alles belibje en leare!

En mei elkoar der oer prate, yn 't Frysk?

Omdat we van onze Friese taal houden zijn de bordjes in de beleeftoren in het Fries. Met natuurlijk Nederlandse ondertiteling.

De toren staat aan de voet van de oudste zeedijk die nog in Nederland te zien is. Het dijkje is uit het jaar 1000 door monniken gemaakt. Het is inmiddels een gemeentelijk monument.

In de uitkijktoren lees en leer je veel meer, leuk voor kinderen maar ook erg interessant voor volwassenen. ;-)

Wêr? Waar? Op drie plaatsen (Parkeer de auto netjes, let op je kinderen)

   Tussen Pingjum, Arum en Kimswerd midden in het boerenland.     

            google maps:       4CJW+JJ Pingjum   

             

  • Fietsen op het betonpad -  t.o.Riegeweg 5 8749TD Pingjum.  GPS Breedtegraad: 53.123043, Lengtegraad 5.439091. Auto parkeren op de nabijgelegen bietenopslagplek en niet op het erf van de tegenoverliggende boerderij.
  • Lopen - Hanialaan 8749TC Pingjum (1km.)
  • GPS Breedtegraad: 53.130788, Lengtegraad: 5.458395
  • 53°07'50.8"N 5°27'30.1"E
  • Lopen - de Blokken 6 8749TE Pingjum (1km.)
  • GPS breedte graad 53.130136, Lengtegraad: 5.426967
  • 53°07'50.8"N 5°27'30.1"E 

 

Katalys - Kern met pit

Arcadia Leeuwarden

https://www.kernmetpit.nl/projecten/deelnemende+projecten+2023/2338992.aspx?t=NIX

https://arcadia.frl/projecten/iis/projecten-iis/nix/

EN